Monday, 5. May 2008, 10:21:34
Hjoed is it befrijingsdei,
De dei fan de frijheid.
De dei nij it tinken oan de dea,
de dei dy fuortkaam is út de dei fan oaren.
Dizze dei fan frijens jout ús in kâns om frijheid te betinken,
en stil te stean by dyjinne dy de frijheid ferlern hawwe.
Dy de frijheid noch net belibje kinne.
Juster doe't de Last Post klonk lykas alle jieren
en dêrnei de klok twa minuten stilte ynliede.
Stienen we eins al stil by de dei fan hjoed.
Sa kinne we hjoed ek bewege, feeste nei de dei fan juster.
Om ek hjoed nei te tinken hoe't it kin dat wy frij binne.
Frijheid is in belibbing dy't jo oerdrage mije.
Frijheid is......................
Berend Ytsma
05-5-2008
Vertaling nodig?
Mail maar even
Tuesday, 29. April 2008, 13:28:09
kompjûterwurdenlist, Fryske
Al sûnt it begjin fan de Fryske KDE wurd der wurke oan in standert foar kompjûter programma's.
Want mei san grût programma is der hast net in wurd dy't net lâns komt.
As jo wat oersette en je witte it efkes net dan kinne jo altyd gean nei
http://freewebs.com/cabnoco/Wurdlist.htmDit is in kompjûterwurdenlist dy't û.o. foar KDE brûkt wurdt,
der is ek sûnt in pear moannen de mooglikheid om yn de taalboarne fan de Fryske KDE te sykjen nei wurden.
http://i18n.kde.org/dictionary/search-translations.php?package=&filename=&teamcode=fy&search=&submitted=Searchhjir sille jo ek sjen dat ek al is der in list dat KDE der noch wolles fanôf wykt wat faoral komt omdat der meardere oersetters oan dit projekt wurkje of wurkjen ha, der sit dus ek noch wurk yn om it tichter by de list te krijen, en ek oarsom om de list kompleter te krijen.
Dus as je programma's oersette wolle lykas bygelyks MS-office of OpenOffice dan is de KDElist in goede basis.
Mei freonlike groetnis
Berend
Thursday, 17. April 2008, 08:35:15
openoffice, poll, frisian
The question I like to ask is there need or are there people that would like a Frisian OpenOffice.
The poll is in the dutch language.
And can be found in the sidebar.
Wednesday, 16. April 2008, 12:17:57
Koffice, KDE, frisian
Soms komme je wurden tsjin en dan moatte jo efkes neitinke.
Hjoed bin ik dwaande mei Koffice en yn ien fan de triemkes kom ik tsjin
Modify en change
Beide kearen is de betsjutting itselde.
Beide kearen geane jo iets feroarjen iets wizigjen of oanpassen.
Ik brûk in automatyske oersetting sadat ik sjen kin hoe't it earder oersetten is troch my of troch in oar.
In konklusie dy't ik dwaan kin is dat yn KDE wolles modify and change oer ien kaam helle binne en as itselde oersetten binne.
Ek wurd change ûngelyk oersetten mei feroarje en wizigje.
Dêr bin ik sels ek skuldich oan en soe eins net iens witte wat no wier Frysk is.
It is my wol dúdlik dat yn elts gefal yn ien programma gjin ferskil yn de oersetting sitte moat.
Ferskil tusken de programma yn KDE kin noch wol, ek om je soms in oersetting fan in oare oersetter yn ere hâlde wolle.
Myn kar foar Koffice wurdt tink ik modify > oanpasse change > feroarje
mar ek hjir sitte je mei in oare oersetter wêrfan je oersettings yn ere hâlde wolle.
It sil my benije hoe't it er út sil sjen as it ôf is.
Mei freonlike groetniss
Berend Ytsma
Saturday, 12. April 2008, 08:19:23
Frysk, frisian
NederlânskIn dikke wike lyn, hienen we it berjocht dat der in Fryske MS Office op komst(2010)
Dit hat in soad reaksjes brocht, en in soad wurk om it Frysk heech te hâlden.
It docht bliken dat foar net Friezen is it Frysk net wichtich is, no dat liket my dúdlik.
In taal dy't jo net prate hat meastentiids allinne nut as je op fakânsje geane en mei hannen en fuotten je rêde moatte.
Mar as minsken no gewoan seinen, "Ik sjoch hjir it nút net fan yn" of "fan my meie se ek it Hollânsk ôfskaffe"
Dan litte jo witte wat jo miening is en hoege je net raar te dwaan.
Mar ja, je krije reaksjes lykas
Originally posted by diny,zdnet:
Grootste flauwekul ever!!!!!! Nederlands is toch de voertaal van ond land? Mogen ze wel meer in het bijzijn van niet Friezen gebruiken. Zeer onaangepast gedrag
of
Originally posted by pietjepuk,webwereld:
Wat een belachelijke onzin! Zet er dan ook een hek omheen en flikker ze uit de EU.
Mei dit soart berjochten tinke minsken in diskusje te begjinnen.
Ik haw op ferskate foarum besocht om minsken der fan te oertsjûgjen dat dit net de manier is hoe't jo reagearje moatte.
Dit is net hoe't jo respekt ha kinne foar oaren yn je lân, as je al mei Friezen om geane dan binne frjemdlingen al hielendal net feilich.
Behannelje elkoar mei respekt, en lit oaren ek in stikje fan har sels hâlde.
It Hollânsk der yn ramme hat gjin inkele sin.
Mei freonlike groetnisse
Berend Ytsma
Showing posts 1 -
5 of
332.