Fryske MSOffice yn 2010
Friday, 4. April 2008, 13:21:06
It folgjende stikje komt fan de side fan Omrop Fryslan.
No sille minsken grif tinke dat ik as oersetter fan programma's hjir in grut foarstander fan bin.
No moat ik sizze dat ik twifelje, it sit namlik sa dat.
Oanbesteding fan software soe dit of folgjend jier opensoarce wêze moatte, en Micrsoft is da net, dus as jo it goed dwaan wolle dan kin de oerheid yn 2010 dizze ferzje net brûke, de Provinsje dus ek net.
No kinne dan sizze dat it oermacht is, omdat der net in oar pakket beskikber is.
Mar hienen se graach in Frysk office pakket ha wollen dan hie dat der al wêze kint, of op syn heechst dit jier útkommen kint.
Dan prate we oer Openoffice, wat in goed alternatyf is foar ms office en allinne mar better wurd.
No kin ik as ik de tiid en it jild der foar haw derfoar soargje dat Openoffice noch foar MS office útkomt, mar ik haw de tiid en it jild net.
Wat der wol besocht wurd is it pakket Koffice dit jier noch út te bringen, wat it dan offisjeel it earste Frysktalige Office pakket wurd.
Om noch efkes werom te kommen oer de fraach of ik in foar of tsjinsnanner bin, ik bin in tsjinstanner.
Mei Freonlike groetnis
Berend Ytsma
Taalflaters tabehâlden oan de fluggens fan typen
De provinsje Fryslân en Microsoft ûntwikkelje tegearre in Frysktalich
Office-pakket, dat foar eltsenien tagonklik wurde moat. As earste stap is de saneamde Community Glossary oerset yn it Frysk. Deputearre Jannewietske de Vries makke dit tongersdei bekend op in debat mei Eurokommissaris Orban yn Ljouwert.
De planning is dat de Frysktalige ferzje fan Microsoft Office yn 2010 klear is. Alle langere Office-teksten moatte noch oerset wurde yn it Frysk.