Skip navigation.

exploreopera

| Help

Sign up | Help

Blogbear

All I find Important

Posts tagged with "Fryske"

Fryske KDE pakt út

, , ,

Sûnt in tal dagen is der in nije side kaam.
Dizze side is bedoelt foar de Fryske KDE leafhawwers, brûkers en oersetters.
Der wrudt besocht om in oantal dinkjes it te lizzen en ynformaasje te ferskaffen.


It haadmenu hat de folgjende items:
Lokalize | Koffice op Windows | Skermprints fan KDE | Diskúsjegroep | Oersetark | Wurdlist E.d.Vries | Fryske kompjûterwurden | Taalburo Fryske akademy

Hjir kinne jo al oansjen dat der in soad ynformaasje bykaam is.

Ik soe sizze sjoch ris op http://techbase.kde.org/Localization/fy

Mei freonlike groetnis

Berend Ytsma

Fryske kompjûterwurden

,

Al sûnt it begjin fan de Fryske KDE wurd der wurke oan in standert foar kompjûter programma's.
Want mei san grût programma is der hast net in wurd dy't net lâns komt.
As jo wat oersette en je witte it efkes net dan kinne jo altyd gean nei
http://freewebs.com/cabnoco/Wurdlist.htm
Dit is in kompjûterwurdenlist dy't û.o. foar KDE brûkt wurdt,
der is ek sûnt in pear moannen de mooglikheid om yn de taalboarne fan de Fryske KDE te sykjen nei wurden.
http://i18n.kde.org/dictionary/search-translations.php?package=&filename=&teamcode=fy&search=&submitted=Search
hjir sille jo ek sjen dat ek al is der in list dat KDE der noch wolles fanôf wykt wat faoral komt omdat der meardere oersetters oan dit projekt wurkje of wurkjen ha, der sit dus ek noch wurk yn om it tichter by de list te krijen, en ek oarsom om de list kompleter te krijen.

Dus as je programma's oersette wolle lykas bygelyks MS-office of OpenOffice dan is de KDElist in goede basis.

Mei freonlike groetnis

Berend