Skip navigation.

exploreopera

| Help

Sign up | Help

Blogbear

All I find Important

Posts tagged with "Fryslân"

Omrop Fryslân widget noch efkes net

, , ,

It is hjoed sneon en ja de Omrop Fryslân widget soe ik juster út bringe mar troch in swierrichheid haw ik dat noch net dien.

It is in swierrichhheid dy't der al yn siet en ek by meardere widget foarkomt.
As de widgit minimalisearre is en der komt nije nijsoanfier binnen dan wol de widget net mear maksimalisearje.
Allinne in ferfarsking kin dat dan wer oplosse.

Ik wit net of ik it probleem fine kin(bin no ien kear gjin programear) mar ik sil myn bêst noch efkes dwaan.

Mar nije wike is it safier dan sil de ferbetere ferzje fan de Omrop Fryslân Widget de dour útgean. (mei of sûnder it swierrichheid)

Mei groetnis

Berend Ytsma

Omropfryslan widget wurdt fernijt

, ,

No dat Omrop Fryslan har side feroare hat kin ik net efter bliuwe en bin drok dwaande
om de Omrop Fryslan Widget oan te passen oan har styl.

Der moatte noch inkele ûnderdielen kwa koade oanpast wurde mar sa komt ie der út te sjen.



Ik haw de kleuren fan it logo oernommen, (no wyt, earst blau)
en de kleuren dêrneist read, giel, grien en blau kopiearre en oanpast oan de widget.
De útgongs en ynstellingsknop binne ek oanpast oan in strakke en dochs iets boatlike mingeling.

As alles fierder goed giet sil de nije widget freed beskikber komme op
http://widgets.opera.com/widget/4690

Op of oanmerkings binne wolkom

Bywurking: Hjoed haw ik de tooltips aktivearre en oanmakke foar de title en de ferskate knoppen.

Nije webstek fan Omrop Fryslân

,

Omrop Fryslân hat sûnt 10 jannewaris in nije webstek.
Net allinne de styl is oanpast mar ek de ynhâld is wizige.
It nijs hat in sintraal plak krigen yn it midden fan de side, ek nijs fan nos.nl hat syn plakje fûn.
In goede nije funksje is beskikber, troch in klikken op de pompeblêd kin min mei de mûs oer bepaalde wurden gean en dan krije jo de oersetting te sjen.
Foar minsken dy't moaite hawwe mei it lêzen fan de Fryske taal kin dit in moai helpmiddel wêze.
Ek ajax(JavaSkript, (x)html en css..) hat syn plakje fûn yn de foarm fan foto's dy't presintearre wurde.

Meastentiids soe ik daliks oer dizze side skriuwe mar ik seach noch in oantal ûnderdielen dy't noch net heilendal wurken en fûn dat ik wachtsje moast.
Der binne noch stees inkele swierrichheden dy't net eltsenien sjen sil mar kommentaar op dizze side moat der ek wêze.
Opera wurket namlik net goed mei it menusysteem.
it bedriuw wat dizze side mei ûntwikkele hat hie dat sjen moatten!.


!!Website ûntwikkelders!!
Nim Opera mei yn jim testen.
No hawwe de earste dei 100 minsken de side net goed besjen kinnen.

Mar in moaie side is it wol wurden, myn kompliminten.

Berend Ytsma

Restyling Omrop Fryslân widget

, , , ...

Ik haw dwaande west mei de Omrop Fryslân widget
Hie wie erch standert neffens de widgetizer.

Ik haw it logo no oan de rjochterkant setten ek haw ik it no sels makke en net fan de side sels ôfhelle.

Ik haw al it skaad fuorthelle en alle knoppen mei help fan it styl programma fan Opera sels oanpast nei eigen smaak.

As alles goed giet stiet der fanne jûn op de side
(moat noch efkes teste wurde)
De widget is te finen op http://widgets.opera.com/widget/4690

Hjir alfêst in foarpriuwke






Mei groetnis Berend Ytsma

It Frysk as taal ferdwynt

, ,

Hjoed stie yn de krante en op it ynternet,
dat der stees minder minsken binne dy't Frysk prate.

Om te foarkommen dat it Frysk ferdwynt is it wichtich dat it Frysk ek mear en mear de kompjûterprogramma's feroverje giet.

Net allinne in pear blêders foar it ynternet barren mar ek bestjoeringssystemen en spultsjes sadat bern learende wiis it Frysk leare.
Mar ek de âlden kinne je hjir foar oansprekke.

lêsten stie der in stik yn de krante oer in jonge frou dy't it Frysk studearre hie en no yn Den Haag wenne, no sille je it dêr net brûke, mar sy sei yn dat stikje dat it Frysk ek feroare, dan minsken it faaks ek net goed praten.

Dit is om't de measte minsken it dôchs fan thús ha moatte en nea op skoalle hân hawwe.

Ik sels haw ek nea Frysk hân en fyn it dôchs spitich, myn grammatika en stavering hat der wol ûnder te leien.

Fryske spultsjes foar op de kompjûter hat der ien in idee?