Skip navigation.

exploreopera

| Help

Sign up | Help

Blogbear

All I find Important

Posts tagged with "KDE"

KDE yn it Frysk

,

Wat is der bard de lêste tiid?

Op it stuit wurdt der wurke oan de oersetting fan ferzje 4.1
it earste doel is natuerlik om by de útjefte fan 4.1 der gewoan as taal by te wêzen.
Foar earst liket dat te slagjen.

Wat der fierder oan de gong is, in nije opset of earder in ferpleatsing en útwreiding fan de siden oer de Fryske KDE.

Op http://techbase.kde.org/Localization/fy binne no de ferskate ûnderdelen ûnderbrocht.
Ek de Fryske wurdlist hat no syn plakje dêr krigen.

Dizze wurdlist is te finen op http://techbase.kde.org/Localization/fy/wurdlist


Fryske KDE pakt út

, , ,

Sûnt in tal dagen is der in nije side kaam.
Dizze side is bedoelt foar de Fryske KDE leafhawwers, brûkers en oersetters.
Der wrudt besocht om in oantal dinkjes it te lizzen en ynformaasje te ferskaffen.


It haadmenu hat de folgjende items:
Lokalize | Koffice op Windows | Skermprints fan KDE | Diskúsjegroep | Oersetark | Wurdlist E.d.Vries | Fryske kompjûterwurden | Taalburo Fryske akademy

Hjir kinne jo al oansjen dat der in soad ynformaasje bykaam is.

Ik soe sizze sjoch ris op http://techbase.kde.org/Localization/fy

Mei freonlike groetnis

Berend Ytsma

Koffice op windows

, ,

Lykas it foar de measten miskien al bekend is komt
KDE dat no allinne op linux rint ek nei MacOs en windows ta.
Dit bringt dan ek oare programma lykas Koffice nei dy bestjoeringssysteme ta.
No is der hjoed in ynstallaasje programam útkaam dy't de mooglikheid jout om Koffice op windows del te setten.
Ik soe sizze besykje it ris.
It ynstallaasjeprogramma kinne jo fine op http://winkde.org/pub/kde/ports/win32/installer/
en it nijsberjocht op http://koffice.org/news.php#itemKOfficealphaInstallerforWindows

Mei de ynstallaasje komme ek in oantal(38) oare programma's of biblioteken mei.
De ferwachte ynlaad sil om-ende-by 100Mib lizze.
De ynstallatie nimt by my sa'n 400Mib yn beslach.

In oantekening: Nei dat de ynstallaasje ree wie koe ik gjin inkel programma fan Koffice starte, dit hie te krijen dat r de juste dll-triemmen net fine kin.
Se steane wol op de kompjûter, dus ha'k ik de ynhâld fan de triemtafel "lib" kopiearre nei de triemtafel "bin"
No wurket it ûngefear


It kin barre dat by it úteinsetten it folgjende berjocht te lêzen is:
"Windows - geen schijf"
Druk gewoan op annuleren om de k6ans dat it programma begjint te fergrutsen


Groetnis

Berend

Oersetting: modify, change

, ,

Soms komme je wurden tsjin en dan moatte jo efkes neitinke.
Hjoed bin ik dwaande mei Koffice en yn ien fan de triemkes kom ik tsjin
Modify en change
Beide kearen is de betsjutting itselde.
Beide kearen geane jo iets feroarjen iets wizigjen of oanpassen.
Ik brûk in automatyske oersetting sadat ik sjen kin hoe't it earder oersetten is troch my of troch in oar.
In konklusie dy't ik dwaan kin is dat yn KDE wolles modify and change oer ien kaam helle binne en as itselde oersetten binne.
Ek wurd change ûngelyk oersetten mei feroarje en wizigje.
Dêr bin ik sels ek skuldich oan en soe eins net iens witte wat no wier Frysk is.
It is my wol dúdlik dat yn elts gefal yn ien programma gjin ferskil yn de oersetting sitte moat.
Ferskil tusken de programma yn KDE kin noch wol, ek om je soms in oersetting fan in oare oersetter yn ere hâlde wolle.
Myn kar foar Koffice wurdt tink ik modify > oanpasse change > feroarje
mar ek hjir sitte je mei in oare oersetter wêrfan je oersettings yn ere hâlde wolle.
It sil my benije hoe't it er út sil sjen as it ôf is.

Mei freonlike groetniss

Berend Ytsma

Translate the translator

, , ,

I am translating now for a few years(from 2004) and sometimes there's a new translator.
And a new translator has to learn how word become translated.
And everything he or she does have to get checked by more than one pare of eyes.
Suggestion have to get made and hopeful the translator picks it up in his/her next translation.

If someone would translate to the dutch language then the most word are already there, they exist, but for the Frisian language there not.
As translator you come across a lot of words that need a TRANSLATION, not something that already exists.

I am happy to be a translator, and I can say a experience one, and the main translator for many programs, like KDE, 7-zip, Maxthon, Avant, and Of course Opera :smile:

Happy translating

Berend Ytsma