Skip navigation.

exploreopera

| Help

Sign up | Help

Blogbear

All I find Important

Posts tagged with "Linux"

No ek yn linux maklik yn it Frysk

,

Mei de komst fan de lêste snapshot of Opera komt der foar de linux brûkers in moai berjocht.
All packages are now fully localized!(alle pakketen binne folslein oersetten yn de ferskate talen)
Dus net mear de te tal ynlade en it juste paad sykje om it te del te setten.
En ek net "Jo hawwe net genôch foech om dizze triem hjirhinne te kopiearjen"(natuerlik ferjit ik altyd om de triembehearder as root út te fieren)
Dit betekent dat it brûken fan Opera op linux wer in stikje makliker wurden is.

Tanke Opera.
(Brûkend de Fryske Opera)

New snapshot brings joy!

,

With the latest snapshot of Opera there is joy for all the linux users.
All packages are now fully localized!
which means no more downloading and finding the right spot for a language.
No more "you don't have the right premisions to copy it there"(ofcourse I always forget to launch the filemanager as root)
This means that using Opera on linux is getting better and better.

Thanks Opera.
(using the Frisian Opera)

Brûke jo al Ubuntu

, , , ...

It wie yn it nijs,
It kompjûterbedriuw Dell sil de klanten de mooglikheid jaan om kieze te kinnen foar in oar bestjoerringssysteem dan Windows.

Ubuntu sil no as opsje beskikber wêze.
it is foar de tsjinstanners en de linux leafhawwers goed nijs, no sil der fêst mear stipe komme foar linux, en dan foaral foar Ubuntu.

Mar sis no ris earlik, soenen jo samar iets oars dan windows op jo kompjûter hawwe wolle?
Windows is by ús ynboargere, en dat wit Microsoft hiel goed, se meitsje der ek tankber gebrûk fan.

Mar dochs is in bestjoerringssysteem lykas Ubuntu wol hiel oantreklik.

As je efkes sjogge wat de measte minsken, of bedriuwen mei harren kompjûter dwaan wolle, dan kin Ubuntu likke goed.

Efkes in oersicht fan wat minsken graach wolle(myn tinken)
1. In brief type
2. Ynternet
3. Foto's argivearje
4. kompaktskiif brâne, of in oar formaat

Foar Windows komme jo alk gau út by
1.word(moatte jo wol apart ynstallearje)
2. Internet Explorer(standert ynstallearre)
3. Programma wat by de Kamera siet
4. Nero

Foar Ubuntu
1. Writer (sit standert yn Openoffice wat meastentiids al ynstallearre is)
2. Konqueror (is standert al ynstallearre)
3. By sommige kamera’s sit in programma dat ek yn linux wurkje kin, soms moat it efkes noch ynladen wurde, mar meastentiids sil der dochs echt efkes oer it ynternet sneupe moatte om in goed programma te krijen.
4. Der sit standert wol wat yn, mar ik ha it noch nea brûkt dus soe ik net witte hoe it hiet.

Opsich sille de measte minsken har wol rede kinne mei linux, bedriuwen wurdt it soms al lêstich.
Salang’t it allinne mar giet om standert Microsoft office programma's dan is it gjin swierrichheid mar oare programma's dy't spesjaal ûntwurpen binne, binne faaks noch net klear foar linux.
Soms wol in bedriuw gewoan ek net in programma meitsje derfoar.

Ubuntu en linux hawwe de potinsje om grut te wurden, en grut wurde sil neffens my begjinne moatte by de minsken thús.

Mei groetnis
Berend Ytsma

Ubuntu
Kubuntu(Ubuntu mar dan mei KDE, Kde is yn it Frysk te setten)

OLPC (frisian)

, , ,

OLPC - One laptop per child

Is in ûnderwiisprojekt en net in kompjûter projekt.

It doel is om bêrn yn ûntwikkelingslannen in manier te jaan om te ûndersykjen, te eksperimintearje en har út te drukken.

De laptop moat $100 kostje en is allinne troch regearings te bestellen.
Mei cpu fan 433Mhz, 256Mb ûnthâld, en in Flashkaart fan 1Gb is it net in flugge kompjûter mar goed genôch foar it doel.

Standert sil der allinne mar Iepen boarne software op rinne.
Regearings kinne fantefoaren in pakket kieze en letter kinne de bern sels spul derop en derôf helje.

Opera is gjin Iepen boarne, mar regearings kinne der wol foar kieze.
op it stuit wurd der noch hurd wurke oan de Opera ferzje foar dit project.
Inkele skermprint binne te sjen op http://people.opera.com/howcome/2007/olpc/scr.html

Foar mear ynformaasje it OLPC project ferwiis ik nei http://www.laptop.org

Groetnis
Berend Ytsma

Talking about..

, ,

Linux is the word of today.


I use at this moment Windows Xp and mandriva 2007.
Well I don't use mandriva but have it installed on my second drive.

I switch between linux versions about 5 a 6 times a year, this is not because I don't like that version but because I wan't to test different distrubutions.
And that testing is mainly about the Frisian language in KDE.

For me there are two good distries. Opensuse and Kubuntu
Those distries have Frisian in them and instaling the languages is not much work.

Mandriva which I (use)have now doesn't support the Frisian language anymore, bad case, cause the program itself is good.

Ofcourse When I install a new lunix version I also test Opera, but that seems never a problem.

Have a nice day

Berend Ytsma