Blogbear

No talking allowed, so Write

Subscribe to RSS feed

Posts tagged with "widget"

Omrop Fryslan widget

, ,

Ik kaam der efter dat de nije Omrop Fryslân widget beskikber is.
Dus foar dyjinne dy't de âlde noch hawwe dy't net goed mear wurke, dy kinne de nije ynstallearje.

http://widgets.opera.com/widget/4690/

Mei freonlike groetnisse

Berend

Nijsnet nieuwslezer widget

, ,

Gemaakt door mijn persoontje is er weer een nieuwe widget uitgebracht.
De Nijsnet nijslêzer



Deze widget brengt op drie mogelijkheden het nieuws.
1. het laatste nieuws(lêste)
2. Het regionaal nieuws(regio)
3. Sportnieuws
(dit zal later worden uitgebreid)

De widget werkt op dit moment op de Opera Desktopbrowser en op de wii versie 2

Probeer het eens

Groeten

Berend Ytsma

Nijsnet nijslêzer widget

, , ,

Der is in nije widget útbrocht fan myn hân.
De Nijsnet nijslêzer



Dizze widget bringt it nijs yn trije mooglikheden.
1. it lêste nijs
2. It regional nijs
3. Sportnijs
(dit sil letter útwreide wurde)

De widget wurket op de Desktopbrowser en op de wii fersje 2

Besykje it ris

Groetnis

Berend Ytsma

Omrop Fryslân widget noch efkes net

, , ,

It is hjoed sneon en ja de Omrop Fryslân widget soe ik juster út bringe mar troch in swierrichheid haw ik dat noch net dien.

It is in swierrichhheid dy't der al yn siet en ek by meardere widget foarkomt.
As de widgit minimalisearre is en der komt nije nijsoanfier binnen dan wol de widget net mear maksimalisearje.
Allinne in ferfarsking kin dat dan wer oplosse.

Ik wit net of ik it probleem fine kin(bin no ien kear gjin programear) mar ik sil myn bêst noch efkes dwaan.

Mar nije wike is it safier dan sil de ferbetere ferzje fan de Omrop Fryslân Widget de dour útgean. (mei of sûnder it swierrichheid)

Mei groetnis

Berend Ytsma

Omropfryslan widget wurdt fernijt

, ,

No dat Omrop Fryslan har side feroare hat kin ik net efter bliuwe en bin drok dwaande
om de Omrop Fryslan Widget oan te passen oan har styl.

Der moatte noch inkele ûnderdielen kwa koade oanpast wurde mar sa komt ie der út te sjen.



Ik haw de kleuren fan it logo oernommen, (no wyt, earst blau)
en de kleuren dêrneist read, giel, grien en blau kopiearre en oanpast oan de widget.
De útgongs en ynstellingsknop binne ek oanpast oan in strakke en dochs iets boatlike mingeling.

As alles fierder goed giet sil de nije widget freed beskikber komme op
http://widgets.opera.com/widget/4690

Op of oanmerkings binne wolkom

Bywurking: Hjoed haw ik de tooltips aktivearre en oanmakke foar de title en de ferskate knoppen.