Opera technysk foarpriuwke
Tuesday, 7. February 2006, 09:41:54
Hjoed hat Opera software opera9tp2 útbrocht.
Dizze ferzje sil sa as de kom al seit in oantal technyske ûntwikkelings sjen litte.
!As jo Opera 8.5x brûke dan is it net ferstannich op opera9tp dêroer hinne te ynstallearjen!
Ynstallearje dizze ferzje yn de triemtafel 'operatp'
As der dan wat bard dan ha jo altyd opera 8.5x noch.
De fernijings.
Opera Widgets -
Widgets binne lytse ajax programma's mei spesjale funksjonaliteit.
Spesjale nijs berjochten, in klok of rekkenmasine.
Druk op F6 om it widgetmenu te aktivearjen.
BitTorrent -
Bittorent is ien fan de meast populêre oerdracht protokols fan dit momint.
En is no yntegreare mei Opera.
Jo sykmasines oanpasse -
Jo kinne no de sykmasines oanpasse, oaren tafoegje of fuortsmite.
Sjoch mar ris yn it avansearre menu by de ljepper sykje.
Ferbettere ynhâld warder -
Opera neamd it wol de plastyske sirurgy foar websiden.
As jo mei de rjochter mûsknop op in side klikke en kieze foar block content.
dan kinne jo printsjes selektearje dy jo net mear sjen wolle.
Ferbettere popup warder
Besykje mar inkele rare popups.
Opera hat de warder tûker makke, sadat mear popups ward wurde
Side spesifyke foarkar
No kinne jo eltse side in eigen foarkar jaan.
Koekjes akseptearje, stylblêd oanpassings en noch folle mear.
Miniatuer foarbyld
Opera is sunich mei har boarnen en kin dêrfoar folle ljeppers iepen ha.
Mar besykje dan mar ris noch wat te finen.
Opera hat no de oplossing, troch mei de mûsoanwizer op de ljepper te gean stean, is der in lyts miniatuer side te sjen.
Opera technysk foarpriuwke ynlade
Goeie dei fierder
Berend Ytsma