Skip navigation.

Blogbear

No talking allowed, so Write

Helperke

,

Yn dizze blog sil ik in pear ûnderdielen oantsjutte wêrfan ik tink dat dy belangryk binne.

As earste: Opera kin har identifisearje as 1 Opera 2 mozilla 3 Internet Explorer.
Ferzje 8.5 fan Opera sil har as nûmer trije identifisearje, mar it doel is dat Opera sjoen wurdt as Opera,
Dêrfoar kinne jo op F12 drukke en kieze foar Opera.

It kin wêze dat yn in inkel gefal in side net goed wurket dan kinne jo altyd probearje om jo as IE te identifisearjen,
dat wol dan meastal wol helpe. Warskôgje opera of my efkes sadat der wat oan dien wurdt.

As twadde: Opera set útein sûnder de Haadbalke, hokker ynskeakele kin wurde yn Byld->Arkbalken en dan Haadbalke.
De Haadbalke befet de neikommende knoppen: Iepenje Opslaan Printsje Sykje Thús Panielen Tegel Trepfoarm stim
Foaral de earste fiif binne wol handich.

As tredde: Opera is ek oars oan te klaaien, der binne foar Opera meardere fellen te krijen.
Sels brûk ik al lange tiid KDE-HiCrysal.
Om in oare fel te kiezen kinne jo gean nei: Ark->Uterlik(shift-f12) en dan nei fel.
Der stiene al twa felen of skilen "Opera en windows"
Troch no te klikken op sykje om mear felen ferskine der in oantal.
As jo op download klikke wurdt har ynladen, drukke op jawis sil har behâlde.
(nee der stiene gjin pompeblêden tusken, mar wa wit komt it noch sa fier)


As jo fragen ha oer ûnderdielen fan Opera of jo begripe iets net, skriuw my dan efkes in e-post.

Berend Ytsma

Mear ynformaasjeThe news

How to use Quote function:

  1. Select some text
  2. Click on the Quote link

Write a comment

Comment
(BBcode and HTML is turned off for anonymous user comments.)

If you can't read the words, press the small reload icon.


Smilies