Skip navigation.

exploreopera

| Help

Sign up | Help

Blogbear

All I find Important

Nije webstek fan Omrop Fryslân

,

Omrop Fryslân hat sûnt 10 jannewaris in nije webstek.
Net allinne de styl is oanpast mar ek de ynhâld is wizige.
It nijs hat in sintraal plak krigen yn it midden fan de side, ek nijs fan nos.nl hat syn plakje fûn.
In goede nije funksje is beskikber, troch in klikken op de pompeblêd kin min mei de mûs oer bepaalde wurden gean en dan krije jo de oersetting te sjen.
Foar minsken dy't moaite hawwe mei it lêzen fan de Fryske taal kin dit in moai helpmiddel wêze.
Ek ajax(JavaSkript, (x)html en css..) hat syn plakje fûn yn de foarm fan foto's dy't presintearre wurde.

Meastentiids soe ik daliks oer dizze side skriuwe mar ik seach noch in oantal ûnderdielen dy't noch net heilendal wurken en fûn dat ik wachtsje moast.
Der binne noch stees inkele swierrichheden dy't net eltsenien sjen sil mar kommentaar op dizze side moat der ek wêze.
Opera wurket namlik net goed mei it menusysteem.
it bedriuw wat dizze side mei ûntwikkele hat hie dat sjen moatten!.


!!Website ûntwikkelders!!
Nim Opera mei yn jim testen.
No hawwe de earste dei 100 minsken de side net goed besjen kinnen.

Mar in moaie side is it wol wurden, myn kompliminten.

Berend Ytsma

Wêrom Open SourceOanpriizjen fan open software

Write a comment

Comment
(BBcode and HTML is turned off for anonymous user comments.)

Please type this security code : cafa5b

Smilies